About this role
Finance & Control Officer (0,6 - 0,8 fte) Fryske Akademy Benodigde opleiding: HBO Dienstverband: Tijdelijk/Parttime Aantal uren per week: 22,8 - 30,4 Gepubliceerd op : 03-07-2026 Sluitingsdatum : 09-08-2026 De Stichting Fryske Akademy docht al goed 85 jier wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal, de meartalige maatskippij en de regionale skiednis fan Fryslân. Mei multydissiplinêr ûndersyk leveret de Fryske Akademy fernijende bydragen oan it ynternasjonaal wittenskiplik debat, draacht by oan it akademysk klimaat yn Ljouwert en Fryslân, en generearret ynspirearjende fûnemintele en tapasbere kennis foar en oer de maatskippij. It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is sûnt 1987 ûnderdiel fan de Fryske Akademy. Mercator docht ferlykjend en tapast ûndersyk yn Europa op it mêd fan meartalich ûnderwiis, taalbelied en taalfitaliteit, en ferbynt dat mei maatskiplike fraachstikken yn Fryslân. Op dizze wize wurket de Fryske Akademy oan wittenskip op nivo, mei each foar maatskiplike impact en basearre op in sterk engaazjemint mei Fryslân en de Friezen. De Fryske Akademy is stevich yn de regio ferankere en is liearre oan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW). Wy sykje in Finance & Control Officer (0,6 - 0,8 fte) Oer de funksje Wolsto mei dyn finansjele ekspertize écht ferskil meitsje? By de Fryske Akademy wurkest net allinnich mei sifers, mar draachst direkt by oan unyk wittenskiplik ûndersyk mei maatskiplike betsjutting. Op ús prachtige lokaasje yn it âlde sintrum fan Ljouwert sykje wy in bedreaune en finansjeel profesjonal dy't breed oriïntearre is, hâldt fan ferantwurdlikheid, ôfwikseling én gearwurkje yn in ynspirearjende omjouwing. Dyn impact As betûft Finance & Control Officer bisto de stabile faktor efter ús organisaasje. Do soargest dat finansjeel alles op oarder en oersichtlik is en yn ûntwikkeling bliuwt. Mei tank oan dy kinne ûndersikers harren rjochtsje op wêr't sy goed y...