Now hiring

Bestuursleden @ Employer

NL32B, NLOnsiteContract
Apply with ResuMinder

Opens on the employer's site

About this role

Cultuurfonds Fryslân: Bestjoerslid It Cultuurfonds Fryslân yn Ljouwert siket twa Bestjoersleden foar 4 gearkomsten per jier | Fakatuere foar in Nevenfunksje, Ûnbetelle | Sluitingsdatum: 15-11-2026 Hé kultuerekspert! Setsto dyn kennis yn foar it Cultuurfonds Fryslân? It Cultuurfonds is it grutste partikuliere fûns yn Nederlân en ynvestearret yn keunst, kultuer, erfgoed en natuer. Njonken it lanlik buro yn Amsterdam binne der 12 ôfdielings, yn alle provinsjes ien, dy't mei in eigen budzjet bydrage oan projekten mei ympakt op de mienskip.

Wy sykje mei yngong fan 1 jannewaris 2027 foar it Cultuurfonds Fryslân twa nije Bestjoersleden 4 gearkomsten per jier … mei in brede belangstelling foar de kulturele sektor. Ien dêrfan sil ponghâlder wurde. It Cultuurfonds Fryslân ynvestearret 500.000 euro yn 't jier yn kultuer en natuer yn 'e provinsje. Dat dogge wy mei de finansjele bydrage fan de VriendenLoterij en Nederlandse Loterij, fan donateurs, út neilittenskippen en yn 'e mande mei ús partners. Wat silst dwaan? As lid fan it bestjoer komst fjouwer kear yn 't jier gear mei in ynspirearjende groep fan noch fjouwer eksperts, ûnder foarsitterskip fan de kommissaris fan de Kening, A.A.M. Brok.

Mei-inoar beslute jimme oer de bydrage oan de yntsjinne projekten op it mêd fan byldzjende keunst, skiednis en letterkunde, muzyk, teäter, dûns en film, en natuer. Alle yntsjinne fersiken binne troch it buro al fan in 'pree-advys' foarsjoen. Do tinkst mei oer de advizen op alle mêden en bringst dyn ekspertize yn. Praatst mei oer de provinsjale strategy. Do bist 'ambassadeur' fan it Cultuurfonds Fryslân en giest sa no en dan op útnûging by projekten op besite. Foar de funksje fan ponghâlder jildt datst bûten de gearkomsten om de finânsjes fan it fûns kontrolearrest. Dêrby wurdst troch it buro stipe. Wat nimst mei? Fan dy ferwachtsje wy datst de nedige ekspertize op it mêd fan kultuer hast, beskikst oer in goed netwurk yn 'e provinsje Fryslân en ek...

Ready to apply?

Install the ResuMinder extension and we'll auto-fill the application in seconds — no rewriting.

See how your CV scores