Now hiring

Perfecte Kandidaat @ Employer

NL127, NLOnsiteContract
Apply with ResuMinder

Opens on the employer's site

About this role

NHL Stenden Hogeschool Learare-oplieder Frysk Leeuwarden Werk- en denkniveau : Master Tijdelijk - Geplaatst: 24 september 2026 - Sluitingsdatum: 19 oktober 2026 Wolle jo helpe om it Fryske taal- en kultuerûnderwiis fierder te fersterkjen? Reagearje dan gau! Wat silst dwaan De funksje biedt in moaie kombinaasje fan ûnderwiis, studintebegelieding en bydragen oan de fierdere ûntwikkeling fan it Fryske taal- en kultuerûnderwiis. As learare-oplieder fersoargest ûnderwiis, begeliedst studinten en bist meiferantwurdlik foar de toetsing. In grut part fan de wurksumheden is by de start fan de oanstelling al úteinset. Dêrom leit de klam op de fuortsetting en ôfrûning fan besteande ûnderwiisaktiviteiten. Dyn wurksumheden besteane ûnder mear út: - it neisjen en beoardieljen fan tentamens en opdrachten op B2- en C1-nivo; - it fersoargjen fan it kolleezje Taalkennis en taalfeardichheid B2; - it fersoargjen fan de hegeskoallebrede kursus Frysk skriuwen foar Frysktaligen; - it begelieden en beoardieljen fan studinten by fakdidaktyk en ûndersyk; - it útfieren fan taken yn it ramt fan Taalplan Frysk, lykas 'Jou Frysk'; - it útfieren fan organisatoarysk wurk. De klam fan de funksje leit op it fersoargjen fan ûnderwiis, de begelieding fan studinten en it beoardieljen fan opdrachten en tentamens. Wêr silst oan 'e slach De learare-oplieding Frysk makket diel út fan de Academie Educatie fan NHL Stenden en fersoarget de oplieding fan takomstige dosinten Frysk yn it fuortset ûnderwiis en mbû. Mei sa'n 60 studinten en in kompakt, saakkundich dosintetiim ûnderskiedt de oplieding him troch in hege mjitte fan belutsenheid by de studinten, it tiim en de Fryske taal. Dosinten wurkje nau gear by it jaan fan kwalitatyf heechweardich ûnderwiis en de ymplemintaasje fan Taalplan Frysk. Wat is nedich - Treflike mûnlinge en skriftlike feardichheden yn it Frysk; - leafst in ôfrûne twaddegraads learare-oplieding Frysk en/of in relevante ôfrûne masteropli...

Ready to apply?

Install the ResuMinder extension and we'll auto-fill the application in seconds — no rewriting.

See how your CV scores